Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE146a - Grute Wopke fan Kûkherne

Een sage (boek), vrijdag 11 februari 1972

Hoofdtekst

Grutte Wopke fan Kûkherne
Fan Grutte Wopke fan Kûkherne gongen gâns ferhalen, hoe't er de minsken fan har kwalen ôfholp. In dokter yn Burgum hie in dochter en dat bern waard siik. Fansels, dokter sels der wakker mei masterje. Mar wat de man ek die en prebearre, der wie gjin ferwin. It waard stadichoan minder, al mar minder. Op in kear sei de doktersfrou tsjin har dochter: 'Witste wat wy dogge? Wy moasten ris by Wopke sjen'. Net tsjin heit sizze, fansels. Dy mocht it net witte.
Se gyngen nei Wopke en doe sei dy: 'Ja, dat bern kin wol holpen. Ik sil even wat guod jaan. Mar dan moat se fansels dat oare medisyn stean litte. Allinne dit'. Nou ja, mefrou sei, dat kaam wol yn oarder. En wier, it die al ridlik gau bliken, it bern knapte linkendewei op.
De dokter sei: 'Wy binne der efter. Wy gean foarút, sa sille wy folhâlde'. Se hienen syn medisyn wat oan 'e kant moffele.
Mei de tiid wie it fanke wer klear en doe seinen mem en dochter: 'Ja, no moatte wy doch foar de moard útkomme. Sjoch, it woe earst net, no?' 'Nee', sei de heit, 'it woe earst net, mar no binne wy it te boppe'. 'Ja, dat is ek sa. Mar sjoch, wy hawwe nei Wopke west en dêr ha we wat guod fan krige. En sont is 't opknapt'. Dokter sei: 'As dat sa is, en ik nim graach oan, dat it sa is, dan wol ik ris nei de man ta en mei him prate'.
Hy gyng nei Kûkherne en hy makke him bekend: dokter yn Burgum. 'Oh just jawol—binne jo dat!' 'Ja, en no woe ik graach fan jo witte, hoe sit dat? Dat en dat guod haw ik har jûn en it holp net'.
'Nee', sei Wopke, 'dat leau 'k wol. Mar no wol ik it jo wol fertelle: ik ha har de hiele tiid itselde guod jûn. Allinne dit wie it ferskil: jowes wie fan ferdroege krûden en mines ha 'k sels socht, wylst de dauwe der noch op lei. Dat is krekt it ferskil. Mines komme even fûlder oan'.

Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Het dochtertje van de dokter is ziek. Wat voor medicijnen de dokter haar ook geeft, niets helpt. Heimelijk gaat de moeder daarom naar Grote Wopke, die bekend staat om zijn genezingen. Wopke geeft het meisje wat en laat haar beloven dat ze de medicijnen van haar vader laat staan. Het meisje wordt weer beter en de moeder vertelt toch maar aan haar man, dat het de medicijnen van Wopke waren die hun kind hebben genezen. De dokter gaat naar Wopke toe om hem te vragen wat voor medicijnen dat waren. Wopke vertelt hem dat het precies dezelfde kruiden waren, alleen waren die van hem vers en die van de dokter gedroogd.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 152-153

Commentaar

11 februari 1972
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Grutte Wopke fan Kûkherne    Grutte Wopke fan Kûkherne   

Naam Locatie in Tekst

Burgum [Bergum]    Burgum [Bergum]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20