Hoofdtekst
De ferhalen oer Piter Poes—Piter Prikke seinen se ek wol—ha wy meast heard fan heit en pake. It wie in duvelbanner hjir op Sumarreheide. De meastepart minsken op Sumarreheide wienen ôfgryslik bygelovich. As der wat net doogde, dan waard Piter Poeske al gau ophelle. It is by ús ek wol bard, dat se de kessens fan 't bêd skuorden om te sjen, oft der in krânse yn siet.
Der húsmannen twa soannen by Piter Poes, dy hienen nei de Oast west, nei Indië. Se koenen it hjir net hurde. Simmerdei sieten se noch mei de jas oan by de kachel.
It is in kear foarfallen op Burgerheide. Dêr wie in famke, dat doogde net. It wie betsjoend. Dokter koe der neat mei wurde en de âlden wienen har rie te'n ein. Doe seinen de buorlju tsjin 'e heit: 'Dû moatst mar even nei Piter Poeske ta, yn Garyp'. Dêr reizge de man hinne en Piter sei: 'Ik sil wol even komme en ûndersykje it famke, want ik moat har earst sjen'.
Mar ja, Piter wie al âld; hoe moast er op Burgerheide komme? De tram ried doe noch net. Hy sei: 'Ik moat mar even by Steffen Prûk sjen, oft dy my der ek hinne bringe kin, want it is in hiel ein nei Burgerheide ta'. Steffen Prûk (de echte fan wie Procee) wenne in eintsje ferder op. Dy hie in hûnekarre, hy sutele by de streek.
Steffen Prûk ried mei him hinne. Se kamen op Burgerheide en Piter sei: 'Sjoch, hja is hielendal betsjoend. Dat helje de boel mar út'. Hja hellen de krânsen út it kessen. 'En wa docht dat? Dat is no krekt de knoop'. Ja, wa die dat? Dêr gong it om. Doe joech Piter syn rie: 'De earste de bêste dy't hjir binnendoar komt, sa gau as wy ôfstutsen binne, dy moatte jim in pôt mei trochgong om 'e holle smite'.
Steffen Prûk stapte op 'e hûnekarre en Piter Poeske stapte ek op 'e hûnekarre en dêr gong it spul hinne. Se wienen in eintsje fuort, doe sei Piter: 'Jonge, no is 't net bêst—ik ha myn pipe dêr lizze litten. Wy moatte dy pipe even wer ophelje'.
Se rieden werom. Piter Poeske stapte dêr yn 'e hûs—en mei krige er in potfol trochgong om 'e holle.
Onderwerp
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Piter Poes   
Piter Prikke   
Oast [Oost]   
Steffen Prûk   
Procee   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Indë   
Burgerheide   
Garyp [Garijp]   
