Hoofdtekst
Piter Poeske
Ien gefal fan tsjoenderij stiet my noch dúdlik en klear foar. Dat wie by Ritserd en Baaie, dy wennen op 'e ein fan Feanwâldsterwâl, fuort by de brêge. De frou wie der min oan ta en der moast nedich in duvelbanner by komme. Se rôpen Piter Poes fan Sumarreheide der by. Dy man wie net bêst op 'e gong, dat hy kaam mei de hûnekarre. Hy hiet de fro u om op 'e pôt te gean. Doe't se fan 'e pôt kaam, swom der in pod yn 't wetter om, in raar hierrich ding.
Undertusken wie it jongfolk der efter kommen, dat Piter Poes by de pasjint wie en dus aansen werom moast nei Sumarreheide. By de pleats fan Cuperus, dêr't de wei yn in bocht by de feart lâns rint, wachten se him op. Dêr kaam de hûnekarre mei Piter der yn oan fleanen. Yn 'e folle flecht pakten in pear knapen de karre fan efteren beet, draaiden him in healslach om, dat er mei ynhâld en al yn 'e feart bedarre. De hûnen sylden nei de oare kant en klatteren by de wâl op mei de karre en alles efter har oan. Trochwiet en ferklûme kaam Piter op Sumarreheide werom.

Onderwerp
SINSAG 0676 - Zauberer lässt jemand Kröten speien.   
Beschrijving
Een vrouw in Feanwâldsterwâl is betoverd. Piter Poes wordt erbij geroepen. Hij laat de vrouw op een pot zitten . Ze plast iets vreemd uit en is genezen. Op de terugweg wordt Piter aangevallen door een aantal jongemanne. Zij draaien zijn hondekar zo, dat deze in het water komt. De honden klimmen weer uit het water, maar Piter komt doornat en verkleumd thuis.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 154
Commentaar
april 1974
Zauberer lässt jemand Kröten speien
Naam Overig in Tekst
Ritserd   
Baaie   
Piter Poes   
Cuperus   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwål   
Sumarreheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20