Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE149b - Imke en Durk fan Imke

Een sage (boek), zondag 10 november 1974

Hoofdtekst

Imke en Durk fan Imke
Imke moast ûnder tsjinst, mar dêr hie er ôf gryslik it mier oan. Hy kaam te Ljouwert by it hynstefolk. Hy woe alles wol dwaan, om der ôf te kommen. Altiten wie er dwers en ferkeard. By it eksersearjen die er rjochtoarsom as it kommando sei. As der 'voorwaarts mars' roppen waard, rûn er tebek. Doe setten se him op 'e feartskant en ien kommandearre wer: 'Voorwaarts mars!' Imke stapte iiskâld tebek en
liet himsels sa it kowedrinken yn ploffe.
Hy rûn ek al ris fuort út 'e tsjinst en doe stjoerden se de marsjessee's efter him oan om him te pakken. Op 'e Grinzerstrjitwei hienen se him omtrint, mar doe naam er in oanrintsje en hy saaide sa oer de Bonkefeart.
Likegoed ferskynde er wer yn 'e kazerne, en doe snieën se him de bizen út 'e broek en makken de naden los. Dan flapperen de boksen en sa koenen se sjen, dat it in deserteur wie.
Op 't lêst seinen se tsjin him: 'Ast no noch al frij wolste, dan moatst dit skipsanker om 'e stêd Ljouwert drage'. Ei jonge, hy sjoude it anker om 'e hiele stêd hinne! Wie Imke sa sterk? Sterk! Oh, ferwoest. Ferwoest, man! Ja, net Iyk as Sterke Hjerke, mar hegere kreften. Tsjoenderij—ûnfoech.

Beschrijving

Imke moet in dienst, maar heeft daar helemaal geen zin in. Hij doet precies het tegengestelde van alle commando's. Hij probeert te ontvluchten maar wordt door de marechaussees weer teruggehaald en beschuldigd van desertie. Uiteindelijk zal hij vrij zijn als hij een anker rond Leeuwarden kan dragen. Door toverij te gebruiken lukt hem dit.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 157-158

Commentaar

10 november 1974

Naam Overig in Tekst

Imke    Imke   

Sterke Hjerke    Sterke Hjerke   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert [Leeuwarden]    Ljouwert [Leeuwarden]   

Grinzerstrjitwei    Grinzerstrjitwei   

Bonkefeart [Bonkevaart]    Bonkefeart [Bonkevaart]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20