Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE149a - Imke en Durk fan Imke

Een sage (boek), zondag 10 november 1974

Hoofdtekst

Imke en Durk fan Imke
In pear generaasjes tebek wie der yn Fryslân in Imke de Jong. Dy stie as gochelder op 'e merken. Of gûchelder? Dy't ferhalen oer him witte, binne it der oer iens: Imke de Jong wie net allinnich in echte gûchelder, hy wie folle mear. 'It wie in tsjoender!' seit Piter van der Brug. Syn wenplak witte se net te neamen. 'It wie in man fan wenweinen'. As jongkeardel moat er boerefeint west ha op it Bouwekleaster by Droegeham. Yn letter jierren soe er fan syn keunsten safolle oerwûn hawwe, dat er begjinne koe te buorkjen. Doe hat er neffens guon boer west op 'e pleats fan âlde Jan Benedictus. Ien kear is der sprake fan in soan yn 't wyld, dy't op 'e Hamsterheide tahâlde. Hy soe ien dochter hân hawwe. 'Sy wie krektlyk as Imke. Se koenen har ek nearne hâlde'. En eigenaardich—wylst de oaren it allinne hawwe oer Imke sels en syn keunsten, wit Jabik Pultrum inkeld te fertellen fan Durk fan Imke de Jong. 'Dat wit ik sels. Dy haw ik kend, as sjoch ik him noch. Doe wie ik in jonge. Sa'nen haw ik fan myn libben noait sjoen. Dan koe syn heit noch neat. Durk hie in krol bosk hier'. As dat wier is, hat de soan syn heite gûchelaffearen fuortset.
Doe't Imke de Jong op it Bouwekleaster tsjinne, hat er syn boer in kear de deaskrik op it liif jage. Der wie in earrebarrenêst op 'e pleats en doe tovere Imke de boer syn beide bern dêr boppe yn. De boer rekke alhiel fan 'e wize. 'Hoe kinstû sa?'rôp er. 'Och jonge', antwurde Imke, 'dat is neat? Wolle jo se hjir wer op 'e grûn ha? Goed, ik helje se sa wer del'. 'No dalik', rôp de boer, 'ik moat se hjir wer by my ha'. No, mei Imke syn toverkeunsten wienen se sa mar wer ûnder.
Mar doe frege de boer: 'Kinst my soks ek leare?' 'Jawis wol', sei Imke, 'kom om tolve oere mar by my op 'e bûthúsbank'. Dat wie de boer bêst, dat om tolve oere strieken se tegearre op it bûthusbankje del. 'En wat no?'frege de boer. 'Jo moatte der mar op rekkenje, sa dalik geane jo de loft yn'. 'Dû moatst net raarder', rôp de boer, 'dat kin net! Nee hear, ik gean hjir wei, ik gean nei de frou'. 'Dat moatte jo witte, mar dan lear ik it jo net!'

Beschrijving

Imke is een goochelaar. Volgens sommigen is hij zelfs een tovenaar. Waar hij precies vandaan komt weet niemand. Hij heeft ook een zoon, Durk, die zijn vader is opgevolgd in de tovenaarskunst. Imke heeft een poosje gewerkt bij een boer. Hij heeft de boer een keer heel erg laten schrikken. Imke heeft de twee kinderen van de boer in een ooievaarsnest getoverd. De boer wil ook wel een paar toverkunsten leren, maar schrikt toch terug, wanneer hij op het punt staat te gaan vliegen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 157

Commentaar

10 november 1974

Naam Overig in Tekst

Imke de Jong    Imke de Jong   

Piter van der Brug    Piter van der Brug   

Jan Benedictus    Jan Benedictus   

Jabik Pultrum    Jabik Pultrum   

Durk    Durk   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân [Friesland]    Fryslân [Friesland]   

Bouwekleaster    Bouwekleaster   

Droegeham [Drogeham]    Droegeham [Drogeham]   

Hamsterheide    Hamsterheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20