Hoofdtekst
Fan oaren:
Op in moarn bitiid gie in arbeider to Luksterhoek ûnder Langsweagen nei de boer. It wie noch skimerich, mar hy seach klear dat der oan 'e hússide in man stie. Hy bleau stean en sei "goemoarn", mar krige gjin wjergroet. Doe sei er: "Jo binne der ek al bitiid by". Wer gjin andert. Hy bisocht it foar de trêdde kear mei: "ik sei goe-moarn". Mei dat er dat sei, waerd der opnommen en oer de sleat yn in stik lân delsetten. Doe't er wer op 'e dyk kaem, wie de man fuort.
(fan U. Jongbloed, Langsweagen)

Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Man groet vreemde man twee maal zonder antwoord te krijgen. Bij de derde maal wordt hij opgepakt en over een sloot in een weiland neergezet. Als hij weer op de weg staat is de man verdwenen.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 2, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Luksterhoek   
Langsweagen   
Langezwaag   
Luxterhoek   
Plaats van Handelen
Langezwaag