Hoofdtekst
"Adam en Atze", sa hjit de iisklub yn 'e "Lege Geän". Adam en Atze koene almeugende hurd ride. Op in kear soene se ris nei in hurdriderij.
Op 'e Dille ûnder Easterwierrum rieden se op reis dêrhinne togearre op, doe't harren in ienfâldich mantsje efterop riedt. Hja hellen de efterste foet oan, en tochten dat se him wol gau kwytreitsje soene. Sa wie it net. Hy bleau efter harren, al hoe't se ek oanstreken.
Doe’t hja ’es omseagen, streke it mantsje harren foarby en sei: "dei mannen, ik sil jimme wol even oanjaen foar de hurdriderij".
Dy man dat wie pastoar Scholten fan Amelân. Hy koe noch folle hurder ride as Adam en Atze.
Deselde pastoar hat it ek ris hawn dat er to Reahûs útfenhúze en dêr de mis bitsjinne hie. It wie yn 'n stringe winter en hy moast dy deis noch nei it Amelân. Trije jongemannen moasten der ek hinne en fjouwerisom setten se op reis. Nou hie him op 'e Waddensé gâns kistwurk setten. It wie in poepetoer om der oer to kommen.
Ynienen sieten se op in greate skosse en ha dêr de hiele nacht op omtoarke. De oare deis kamen hja op Amelân oan.

Beschrijving
Verhalen over Amelander pastoor Scholten als legendarische hardrijder.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 9, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Adam en Atze   
Lege Geän   
Dille   
Scholten   
Amelân   
Ameland   
Waddensé   
Waddenzee   
Naam Locatie in Tekst
Easterwierrum   
Oosterwierum   
Reahûs   
Roodhuis