Hoofdtekst
Heit en omke rounen op in joun let it paed nei Terwispel. Hja seine tsjin elkoar: dêr komt ek immen oan. Doe't hja tichterby kamen, seagen se dat it âlde Wibe Durks wie. Hja waerden al even kjel, hwant Wibe Durks wie al in hoart dea. Hy hie him sels de hals útsnien. Hja seagen him fuortbiwegen yn 'e rjochting fan it húske, dêr't er wenne hie. Hja seagen gjin fuotten op 'e groun, it wie oft er sweve. Hy bleau foar it finster fan syn âld húske stean, krekt op it plak, dêr't er him to koart dien hie. Even letter wie der er fordwoun.
Onderwerp
SINSAG 0435 - Selbstmörder als Wiedergänger, erscheint an der Stelle, wo er sich das Leben nahm.
  
Beschrijving
Dode keert terug naar zijn huis.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 10, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
MvZ: Oom is waarschijnlijk Anne Bethlehem, Terwispel. Zie OORD001004 en OORD00105
Naam Overig in Tekst
Wibe Durks   
Wiebe Durks   
Naam Locatie in Tekst
Terwispel   
Plaats van Handelen
Langezwaag