Hoofdtekst
Roel de Jong is nou 82 en syn mem wie noch in jongfaem, it is dus sa'n foech hûndert jier forlyn, doe't har it folgjende oerkaem.
Hja hie op in joun to oppassen west, babysitten soe men nou sizze. It wie al let doe't hja nei hûs roun. Hja wie to Rotsterhaule op 'e hichte dêr't nou de dokter wennet, doe't hja hearde dat der in man op it hynder efter har oankaem. Hja gie oan 'e kant en bleau by in arbeidershúske stean en seach de ruter, dy't oanstalten makke om nei in buorkerij dêrneist op to draeijen. Hja seach him it hiem opriden, mar it wie in nuver gefal, hwant de hikke op 'e daem waerd net iepen en net ticht dien, en dochs seach se de man, dy't op it hynder sitten bleau, it hiem opriden. Sa sein: de hikke wie en bleau ticht. Hy riedt oan 'e foardoar ta en siet noch op it hynder.
Hja seach hoe't er dêr foar de foardoar stie, en ynienen wie alles fuort.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Ruiter en paard gaan erf van boerderij op terwijl het hek dicht blijft. Bij de voordeur verdwijnt de ruiter.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 14, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Rotsterhaule   
Plaats van Handelen
Rotsterhaule   