Hoofdtekst
Op it Sân oan 'e Rottumer hegedyk roun op in joun let in man en seach dêr immen stean. De man sei: "Goe-joun", mar de oare sei neat. Doe sei de man nochris "Goe-joun", mar wer gjin wurd fan de oare.
Doe sei de man, dy’t net bang wie, "forrek dan om myn part".
Hy hie it net sein of de oare wie fordwoun, en der stie in greate swarte houn foar him yn it plak. It wie oft de iene yn de oare foroare wie. De houn hie greate gleone eagen. Doe't de man de houn nochris oanseach waerd it bist samar wei.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 14, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Sân   
Rottumer   
Plaats van Handelen
Rottum   