Hoofdtekst
Pake roun ris op in joun it Rottumer tsjerkhôf foarby mei in oare man. De man sei ynienen: even oan ’e kant, Van der Wal!
Pake seach neat bysûnders en frege de man hwat der to rêdden wie. De man woe der earst net oer prate, mar doe't pake der him op oanstie, sei er: "Hjir gie sapas in lykstaesje lâns mei twa hynders foar de lykkoets. Jo kinne dat net sjen, ik wol, ik bin mei in helm berne".
Pake sei: en as ik nou net oan 'e kant gien wie -. Dan, sei de man -, dan wiene Jo op 'e dyk fallen. Hy sei: Jo moatte by joun nea op it hynstepaed rinne, dan kin Jo soks tsjinkomme.

Onderwerp
TM 2901 - Helmdragers   
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Man die met de helm is geboren, waarschuwt om opzij te gaan voor een lijkstatie. Waarschuwing om 's avond niet midden op de weg te lopen.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 16, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Rottumer   
Van der Wal   
Plaats van Handelen
Rottum