Hoofdtekst
Pake gie, as er fan Rottum nei Nijeskoat moast, om it paed to bikoartsjen, op in joun troch in stik lân, dêr't in planke oer in sleat lei. Oan dy planke ta seach er dêr in ljochte bôge, dy't hin en wer weefde. Mannichien soe bang wurden wêze. Pake soe earst ek werom, mar hy tocht: ik ha in stôk by my, en hy trêdde der op ta. It bliek in greate brânnettel to wêzen, dêr't it ljocht fan de moanne op foel. Pake naem syn mês en snie de brânnettel der ôf.
Beschrijving
Man ziet 's avonds een lichte boog waaien, vermant zich en ziet dat het een brandnetel is waar het maanlicht op schijnt.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 16, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Rottum   
Nijeskoat   
Nieuweschoot   
Plaats van Handelen
Rottum   
Nieuweschoot   
