Hoofdtekst
Reade Atse
Reade Atse koe net allinnich tige hurdride, mar ek ûnbidich ite. Hy gong faak te priisiten. Op in kear die er yn Boarn mei oan it priisiten en dêr iet er tachtich pankoeken boppe sêd op. De oare deis wie it priisiten yn 'e Hommerts en dêr iet er santich pankoeken boppe sêd.
Atse wie in man, dy hie fan alles by de ein. As it sterk iis wie, baanfage hy der ek wol by. Op in winter stie er te feien op in ein feart, dat rûn by in stik of trije boerepleatsen lâns. It is njonkenlytsen in oere of toolf en dan is er by de earste pleats. Dy minsken hawwe krekt pankoeken ite. 'Och hea', seit de boerinne, 'dêr ha jo Atse ek. Och, it is sa kâld, lit my dy man der even yn noegje. Wy ha noch in stealtsje pankoeken oer'.
Se giet op 'e wâl stean en ropt: 'Jonge, Atse! Wy ha pankoeken iten en der is in stealtsje oer—ik wit net, oft it ek wat foar jo is'.
'Frou, asjeblyft!'
Hy yt dêr toolf pankoeken op en dan faget er wer fierder. Sa komt er by de twadde pleats, en dêr seit de frou: 'Och, it is kâld waar'. Se hawwe pankoeken iten en se giet nei Atse: 'Ik wit net jonge, oft jo pankoeken lesse—wy ha se iten en wy ha noch in stealtsje oer. Is 't ek wat foar jo?'
'Frou', seit Atse, 'asjeblyft, ik mei se graach'.
Dan yt er dêr fjirtjin op. Sa komt er feiendewei by de tredde boer. It is ûndertusken al in oere of twa wurden. Mar de frou is mei in moai stealtsje pankoeken sitten bleaun. Sy seit: 'Och, ik leau, de man hat noch gjin waarm iten hân'. Se rint nei de feart en seit: 'Sjoch, sa en sa, Atse—miskien is't waarme der ôf, mar ik sil se wol even op 'e kachel sette. Wy ha fan 'e middei pankoeken iten—ik wit net, oft jo der om jouwe'.
'Och frou', seit Reade Atse, 'koe 'k se bouwe!'
En dêr yt er noch sechstjin op.

Beschrijving
Rode Atse kan heel veel eten. Hij heeft een keer aan een eetwedstrijd meegedaan in Boarn. Hij heeft toen 80 pannekoeken gegeten en de wedstrijd gewonnen. Op een keer wanneer hij gaat schaatsrijden, komt hij langs drie boerderijen. Alle drie de boerinnen hebben pannekoeken gebakken en vragen aan Atse of hij ook wat lust. Atse eet bij de eerste boerin twaalf, bij de tweede veertien en bij de derde zestien pannekoeken.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 160-161
Commentaar
2 oktober 1972
Naam Overig in Tekst
Reade Atse   
Boarn   
Naam Locatie in Tekst
Hommerts   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20