Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE150a - Reade Atse

Een sage (boek), maandag 02 oktober 1972

Hoofdtekst

Reade Atse
As wy as trije âlde skippers sa byinoar sitte, dan ha wy it wol ris oer Reade Atse. Fan ús âlders ha wy al oer him heard. Hy koe ûntsettende hurd ride. Hy soop ôfgryslik. Dan lei er soms de hiele nacht dronken op 't iis en de oare deis stie er likegoed wer yn 'e baan en dan wûn er de priis ek noch. Sa ha se him al ris yn 'e snie fûn, en doe wekken se him, se hellen him út 'e soie wei en fregen: 'Sa en sa. Wêr moatte jo hinne?' Hy sei: 'Ik moat dêr en dêr hinne, ik moat ride'. Sy seinen: 'Mar dat kin doch net!' 'As ik it dêr hjoed net win', hy sei, 'dan komt myn reade kop op 'e toer'.
Heit hat ris ferteld, hy soe op in kear meidwaan oan in hurdriderij en doe krige er partij. Trije maatsjes jenever bestelde er en dy soop er op. En och, ferwoest wie er. Hy hie in pear redens, seinen heit-en-dy, mei blikjes en spullen bymekoar timmere. Hy wie oer- en oersterk.
Reade Atse hat ris yn Amsterdam west te hurdriden, en dy Hollanners, dêr hie men doe ek wol goede riders ûnder. Der dienen mear Friezen oan mei, en as dan wer ien fan harren yn 'e baan moast, dan seinen se: 'Daar komt zo'n Friese kouwe-kalfs-vleeseter'. Mar op 't lêst moast Atse der foar. Doe seinen se al wer: 'Daar he je wee zo'n Friese kalvervleesvreter'. 'Nee jonges', sei Atse, 'it is dien mei 't keallefleis. No ha jim hynstefleis'. En hy gong bêst mei de priis wer fuort.

Beschrijving

Rode Atse kan heel hard schaatsrijden, maar ook heel veel drinken. Vaak is hij op de avond voor de wedstrijd dronken en wint hij de volgende dag toch. Ook in Amsterdam wint hij een keer.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 160

Commentaar

2 oktober 1972

Naam Overig in Tekst

Reade Atse    Reade Atse   

Hollanners [Hollanders]    Hollanners [Hollanders]   

Friezen    Friezen   

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20