Hoofdtekst
Piter Liger fan 'e Lemmer wurke oan it dykwurk en dan wied er mei de oaren yn de keet. Der wie ien by dy koe sa grouwelich flokke, dat it sels Piter, dy't oars ek net swak byspile yn dat stik, faek to mâl gyng. Piter forhelle: Op in joun hie dy fint wer ysbaerlik flokt en sward, dat it oare polderfolk de grize oer de grouwe gyng. Doe gie dy man der út. It wie in needwaer, gjin boer soe der syn houn útjeije. De man kaem mar net wer. Optlêst woene hja sjen hwer't er keard wie. Hja founen him efter de moune. Piter sei: Syn kop wie trije slaggen op 'e romp omdraeid en de tonge hong him út de bek. Dat kaem fan dat ôfgryslik geflok.
Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Vloeker en opschepper gaat met noodweer naar buiten en komt niet terug. Hij wordt gevonden met zijn hoofd driekwart van zijn romp gedraaid en met de tong uit de mond.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 22, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Pieter Liger   
Pieter   
Naam Locatie in Tekst
Lemmer