Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA002509

Een sage (mondeling), maandag 15 november 1965

Hoofdtekst

It sil sa'n foech 85 jier lyn wêze, dat der to Bakhuzen twa âld fammen wennen. It wiene huodtsjemaksters. Op in kear die it bliken dat de iene bifalle moast. De pastoar Steenhof, dy't der noch al ris oer de flier kaem, waerd foar de takomstige heit oansjoen.
Yn dy snuorje preke de pastoar oer de splinter en de balke - tige tafallich mûlk -, itjinge it praet bisterke.
De pastoar waerd troch trije mannen oanklage, en it einbislút wie, dat er oerpleatst waerd. By syn ôfskie sei er dat it de lju der nei gean soe. Dêrby tsjutte er net op it hjirneimiels, de hel of sokssahwat, mar hie it oer it ierdske libben. It kaem ek sa út. De iene krige by in ûngemak in stik fan de tonge, de twadde rekke by joun yn in sleatsje, in groppe wie it eins mar, en fordronk, de trêdde krige in biroerte en stoar.
Letter kaem it út, dat in âld boer de heit fan it bern fan de huodtsjemakster wie. Dy boer hie by syn frou in bern, dat alhiel gjin forstân hie. It wie in jonge, dy't yn in apart hokje efter traljes hâlden waerd.

Beschrijving

Gerucht dat pastoor de vader is van kind van zwangere ongetrouwde vrouw wordt versterkt door zijn preek over de splinter en de balk. Drie mannen klagen hem aan en de pastoor wordt overgeplaatst. Bij zijn afscheid voorspelt hij gevolgen voor de mannen tijdens hun leven. Elk van de drie mannen krijgt te maken met ongeluk. Later blijkt dat het kind is verwekt door een getrouwde man.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 25, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

[Johannes Steenhoff (Utrecht 1818-), pastoor in Bakhuizen 1857-1875]

Naam Overig in Tekst

Steenhof    Steenhof   

Naam Locatie in Tekst

Bakhuzen    Bakhuzen   

Bakhuizen    Bakhuizen   

Plaats van Handelen

Bakhuizen    Bakhuizen