Hoofdtekst
Der waerd to Bakhuzen alear gâns sûpt. Yn 1914 wiene der in soad Belgen. As der ien fan harren stoar, dan stieken se op reis nei it tsjerkhôf noch al ris oan. As der dan ien boppe syn théwetter rekke, dan leine se him op 'e weromreis op 'e berje en elke herberg waerd wer oandien.
De Bakhústers sels spilen lykwols ek net swak by. Dêr wie in jeneverklub, dy't dêr by woe, moast in liter jenever oanienwei opdrinke. Optlêst gie it sa rûch, dat somliken achten it nedich om in ôfdieling fan it Krúsforboun op to rjochtsjen. Dy't net meidie gie nei de hel. De freze foar toarst wie lykwols greater as dy foar de hel.
Under it holkjessen fan de foarsitter fan it Krúsforboun waerd op in kear in fles jenever foun. Dy man, Rampion hjitte er, wie lid fan 'e rie. Op syn foarstel is letter ek de Bakhúster merke ôfskaft.
Yn 'e foarige ieu waerd troch de Poepen, dy't hjir kamen to meanen en to ûngetiidzjen, frijhwat sûpt.

Beschrijving
Over drankmisbuik, o.a. van Belgen die in 1914 in Bakhuizen wonen; om lid te mogen worden van jeneverclub moet iemand in één keer een fles jenever opdrinken; oprichting van katholieke vereniging voor drankbestrijding. Anekdote dat onder hoofdkussen van voorzitter fles jenever wordt gevonden.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 25, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
[Andries Rampion 1873-1956]
[Kruisverbond is afdeling voor mannen van Sobriëtas, katholieke vereniging voor drankbestrijding en propageren van christelijke deugd van matigheid]

Naam Overig in Tekst
Belgen   
Bakhústers   
Bakhuisters   
Krúsforboun   
Kruisverbond   
Rampion   
Poepen   
Naam Locatie in Tekst
Bakhuzen   
Bakhuizen   
Plaats van Handelen
Bakhuizen   