Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA002704

Een sage (mondeling), woensdag 23 maart 1966

Hoofdtekst

Dyselde boer hat dêr to Nijeberkeap yn 'e nacht ris in nuver avontuer bilibbe. Tusken Aldeberkeap en Makkingea gie in sânwei (nou forhurde) east-op nei Nijeberkeap. De boer en syn feint kamen yn 'e nacht mei hynder en wein dy sânwei del. Doe't se sahwat op healwei wiene, sei de boer tsjin syn feint: "Hwat komt dêroan, dat koe wol in reau wêze, en dat midden yn 'e nacht, dat is in frjemd gefal".
Doe't men tichterby kaem bliek it in lykwein to wêzen mei twa fjurrige gudzen derfoar. Oan elke kant fan de wein in lantearne. De boer hie der wol oan dat er syn hynder hâlde koe, sa gie it bist oan. Men koe elkoar skraechwurk foarby komme. Doe't dat dan slagge wie, seagen hja om: neat mear to bikennen.

Onderwerp

SINSAG 0472 - Begegnung mit Geisterkutsche.    SINSAG 0472 - Begegnung mit Geisterkutsche.   

SINSAG 0891 - Die Blutflecken am Fenster (Luke): Teufel fuhrt den Sünder hindurch zur Hölle.    SINSAG 0891 - Die Blutflecken am Fenster (Luke): Teufel fuhrt den Sünder hindurch zur Hölle.   

Beschrijving

's Nachts tegenkomen van spookrijtuig.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 27, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Zie BIJLSMA002702, BIJLSMA002703

Naam Locatie in Tekst

Nijeberkeap    Nijeberkeap   

Nijeberkoop    Nijeberkoop   

Aldeberkeap    Aldeberkeap   

Oldeberkoop    Oldeberkoop   

Makkingea    Makkingea   

Makkinga    Makkinga   

Plaats van Handelen

Nijeberkoop    Nijeberkoop