Hoofdtekst
In jager fytste op in joun let fan 'e Gerdyk nei Luksterhoek. Doe't er op it Sweagemerhou (Langsweagen) wie, moast er ôfstappe. Hy wist net hoe of hwat, mar hy waerd der om sa mar to sizzen ta twongen. It wie by it tsjerkhôf, dêr't in gloppe yn 'e hage wie. Hy seach dêr in lykstaesje. Foarop gie in wite gedaente dy't wonk. Doe wie alles wer fuort en stapte de jager wer op 'e fyts.
In fjirtsjen dagen letter gie de gryp roun. De jager syn heit krige ek gryp en dêrnei longûntstekking; hy rekke der mei fuort. Doe't de âldman yn 'e kiste lei, seach de jager klear, dat syn heit de forskining op it tsjerkhôf wie. Op dy joun dat de jager de bigangel seach, en ek in goed wike dêrnei, wie de âldman noch soun en goed.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Man ziet op kerkhof een lijkstatie met voorop een witte gedaante die hem wenkt. Een paar weken later sterft zijn vader en als hij in de kist ligt ziet de man dat zijn vader de gedaante op het kerkhof was.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 27, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Sweagemerhou   
Naam Locatie in Tekst
Gerdyk   
Gorrdedijk   
Luksterhoek   
Langsweagen   
Langezwaag   
Plaats van Handelen
Langezwaag   