Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA002707

Een sage (mondeling), woensdag 23 maart 1966

Hoofdtekst

Datselde fanke tsjinne letter as faem by in boer to Sniksweach. Op in kear hie de boer in alderheisliksten pine yn 'e mûle. Hja hiene al ûnderskate húsmiddeltsjes bisocht, mar men foun gjin baet. Doe waerd to rieden jown: yn 'e nacht om toalf ûre modder helje fan it jongste grêf, trije hânfol fan dy ierde yn in doek dwaen, dat goed waerm meitsje en dan op it wang lizze.
Hwa soe dy ierde by middernacht fan it tsjerkhôf helje?
It like wol dat nimmen de moed derta hie. Doe sei de faem: "Dat sil ik wol dwaen boer". Nou hja koe in ryksdaelder dermei fortsjinje.
It wie moai ljochtmoanne waer dy nachts. De âld-Jouster klok sloech toalf doe't de faem trije hânfol modder fan it jongste grêf yn 'e doek die en der sûnder wederwaerdichheden mei thús kaem. Der waerd mei dien sa't sein wie en de boer krige it op it wang.
Ringen bikaem de pine en de boer wie sa bliid as in protter.
De faem krige har ryksdaelder en, omt se it kerwei sa moedich opknapt hie, fan de frou boppedien in wollen skelk.

Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Middel tegen kiespijn.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 27, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Zie BIJLSMA002706

Naam Overig in Tekst

Jouster    Jouster   

Naam Locatie in Tekst

Sniksweach    Sniksweach   

Snikzwaag    Snikzwaag   

Plaats van Handelen

Snikzwaag    Snikzwaag