Hoofdtekst
Dêr dangelt oan 'e lange sleatten
In spoeksel om, dêr elts fan grout.
Eeltsje Halbertsma
'De basis, seinen se, hie er altyd op 'e Saiter, of foar de Saiter oer. Dat wie op 'e helte fan 'e Langesleatten. Dêr troffen se him altyd. Dêr leit in stik lân, dat haw ik withoefaken meand, earst mei de seine, letter mei de hynders wol en noch wer letter mei de trekker. Dat stik hjitte de Spoeketsiene en dy namme komt dêrfan ôf. En dat leit krekt oan 'e oastkant fan 'e Saiter. Dêr spoeket dy Langesleatter man. Dy Spoeketsiene wie it eigendom fan 'e Eastermarre tsjerke, it wie tsien mêd. Dêr flak by wie it Abbekatelân, en dan it Rammelân, dat lei tsjin 't Krúswetter oan. Men hie dêr fuortby ek de Earme Seis en de Manke Njoggen. Hy, de man, operearde op it lân. Gjin skipper doarst syn skip dêr lûke, se bleauwen op it wetter. Hy stapte wol oer de sleatten fan it iene stik op it oare. Alles wat er foar de hannen krige, dat pakte er oan, seinen se, en dat smiet er oan 'e kant en yn 'e feart' (H.H.).
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Eeltsje Halbertsma   
Saiter   
Langesleatten [Langesloot]   
Langesleatter man   
Spoeketsiene   
Abbekaten   
Abbekatenlân [Advocatenland]   
Rammelân   
Krúswetter [Kruiswater]   
Earme Seis (Arme Zes]   
Manke Njoggen [Manke Negen]   
Naam Locatie in Tekst
Eastermar [Oostermeer]   
