Hoofdtekst
Yn tiden fan reboelje - Frânske tiid - joech in tsjerkeried papieren fan jildwearde oan dûmny yn biwaer. Dûmny burch se goed op, sa goed, dat, doe't it gefaer oer wie, hy it spul net wer fine koe. De diakens fortochten dûmny dat er de papieren fortsjustermoanne hie. Dat wie de man tige yn 'e wei. Hy waerd siik en kaem to forstjerren. Hy hie faek bidden: "Hear, bring it wer ta klearrichheit en nim de fortinking fan my ôf.
De widdou koe noch in goed jier yn 'e pastorije wenjen bliuwe. Jouns let as se allinne yn 'e keamer siet, hearde se, slof, slof, slof, krekt it selde lûd as fan har man foarhinne as er op syn toffels nei boppen nei syn studearkeamer gie. Dat wie altyd om deselde ûre en tiid.
Pastoarske fortelde de boargemaster hwat hja jouns hearde en noege him út om ris in joun by har to kommen. Dat gie oan, en doe’t hja dêr in skoft sitten hiene, sei mefrou: "Nou is it der hast oan ta". Hja hie it net sein oft dêr hearden se, slof, slof, slof, nei de studearkeamer. De boargemaster sei: ik gean der hinne. Doe't er dêr kaem, hearde er fûleindich klopjen by in boek. Hy griep it boek, blêdde der yn en de papieren, dêr't sa faek nei socht wie, foelen der út.
Sa wie it forhael en it moat yn 'e Betuwe bard wêze.

Onderwerp
SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.   
Beschrijving
Dominee die waardepapieren van kerkenraad zo goed opbergt dat hij ze niet meer kan vinden, wordt verdacht van verduistering. Na zijn dood hoort zijn weduwe 's avonds hetzelfde geluid dat haar man maakte als hij naar boven ging. Bezoek gaat kijken en hoort kloppen bij een boek. Bij oppakken vallen de papieren uit het boek.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 33, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Betuwe   
Frânske   
Franse   
Hear   
Heer