Hoofdtekst
Yn in doarpke yn 'e Dongeradielen gie it der eartiids noch al rou en grou omwei. De lju sieten wol folle yn 'e herberch to sûpen en der waerd rûch kaertspile. Dûmny wie dat min nei 't sin. Hy praette der mei de lju oer en helle harren soms út de herberch. Dat noaske de kastlein mar min en hy helle in pear fan syn klanten oer om dûmny fan kant to meitsjen.
Op in joun krige dûmny de tynge dat in frou, dy't in ein efterút wenne op in buorkerij, nochal hwat siik wie en graech woe dat dûmny dy jouns even oankaem.
Dûmny kaem de jouns forgees; de boer sei dat syn frou soun en goed wie. Op 'weromreis wachten twa mannen him op by in brêge, dêr't er oer moast. Dûmny roun gewoan troch en hy waerd net molestearre.
In dei of hwat letter kaem der in man by dûmny en sei, dat er graech hwat mei dûmny forprate woe, hwant hy hie rêst noch dûr.
Hy en noch-ien hiene dûmny dy jouns by de brêge opwachte mei it doel him yn it wetter to smiten. Lykwols, neist dûmny gie in ljochte gedaente, en de beide mannen koene net út sté komme.
God hie in ingel stjûrd, en de koe dûmny neat oerkomme.
De man wie bikeard en hy en ek oaren kamen net wer yn 'e herberch.

Onderwerp
VDK 0770A* - De engelenwacht   
sinVDK 0770A* - Die Engelwache   
Beschrijving
Dominee die probeert drinkers en kaart uit herberg te krijgen, wordt op terugweg van vergeefse tocht naar zieke opgewacht door mannen die hem willen molesteren, maar ze laten hem gaan. Later vertelt één van de mannen dat het plan was hem in het water te gooien. Dat lukte niet, want naast dominee liep een witte gedaante en zij stonden vast. De man bekeerde zich en kwam niet meer in de herberg.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 33, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Dongeradielen   
Dongeradelen   
God   