Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA003303

Een sage (mondeling), woensdag 30 maart 1966

Hoofdtekst

To Bolsert wie lang forlyn ris in skrynmakker dwaende banken yn 'e tsjerke to meitsjen. Doe kaem der in man by him en sei: ik sil Jo sizze hoe't Jo de banken op it moaist bifykje kinne, mar dêrfoar moat ik ha hwat foar Jo it leafste is. De skrynmakker wie sa yn it wurk wei, dat hy it de frjemde tasei. Doe't er nei hûs gong, bitocht er, dat it jonkje, dat hja krekt krigen hiene, wol syn djûrste bisit wie. Soe er dat nou misse moatte? Hy siet yn noed en soarch, en forhelle syn frou hwat him wjerfearn wie. Hja sei: neat allegearre, lit him mar komme. De frjemdling kaem - it wie de duvel fansels -, en de frou soe krekt pankoekbakke, hja hie it bisleek klear stean. Hja ûnderhelle de sleef en smiet de duvel it bisleek oan. De duvel hie in stik of hwat bekken, mar hy krige alles fol bisleek, krige it krap en fleach troch it rút fuort, wylst in sterke swevelstank hingjen bleau.

Onderwerp

SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.    SINSAG 0881 - Der Teufelsvertrag. Mann schliesst einen Vertrag mit dem Teufel, welcher ihm bei seiner Arbeit Hilfe leistet.   

SINSAG 0853 - Die unvollendete Scheune: Teufel von nachgeahmtem Hahnenschrei überrascht.    SINSAG 0853 - Die unvollendete Scheune: Teufel von nachgeahmtem Hahnenschrei überrascht.   

Beschrijving

Meubelmaker zegt vreemdeling toe dat hij hem zijn liefste bezit zal geven in ruil voor hoe hij kerkbanken het mooist maakt. Hij bedenkt dat zijn pasgeboren zoon het grootste bezit is, maar zijn vrouw maakt zich niet druk. Als de duivel komt gooit ze hem beslag in zijn gezicht, waardoor de duivel verdwijnt, met achterlaten van een sterke zwavelstank.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 33, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Naam Locatie in Tekst

Bolsert    Bolsert   

Bolsward    Bolsward   

Plaats van Handelen

Bolsward    Bolsward