Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA003609

Een sage (mondeling), donderdag 21 april 1966

Hoofdtekst

In âld fo[r]haeltsje fan trije poepen.
Der wiene ris trije poepen by in roomske boer ûnder de Jouwer. Op in feestdei sei de boer, nou mannen, it is hjoed snein en der wurdt dizze dei net ûngetide. It lean gie troch, en de poepen wiene bliid mei de frije dei. Hja woene mar ris in kuijer meitsje. Wy wolle ek Frysk leare, sa seine se tsjinelkoar. Hja kamen in man tsjin, dy't sei: "Trije poepen!"
De iene poep sei: "Dat sil ik ûnthâlde / trije poepen".
Doe kamen hja in boer foarby, dy’t siet to melken. Hy sei: "om kou!"
De twadde poep sei: "Dat wol ik ûnthâlde - om kou".
In eintsje fierder wie in timmerman oan it skaven. Hy seach oer it hout, en sei: dat is rjocht.
De tredde poep sei: "Dat sil ik ûnthâlde - dat is rjocht".
In ein fierder kamen se foar in greppel, dêr't in deade man ynlei. Hja seine: dy man is formoarde, en hja joegen it oan by de rjochter.
De rjochter frege: hwa hat dat dien?
Earste poep: trije poepen.
Rjochter: hwerom diene se dat?
Twadde poep: Om in kou.
Rjochter: dan moatte jim hingje.
Tredde poep: dat is rjocht.

Onderwerp

AT 1697 - "We Three; For Money"    AT 1697 - "We Three; For Money"   

ATU 1697 - “We Three; For Money.”    ATU 1697 - “We Three; For Money.”   

Beschrijving

Drie poepen leren Fries door te onthouden wat anderen zeggen, resp. drie poepen, om koe en dat is recht. De vondst van een dode man geven ze aan bij een rechter. Ze antwoorden met de woorden die ze hebben onthouden, met als gevolg dat ze worden opgehangen.

Bron

Sippe Zeldenthuis
Collectie Bijlsma, verslag 36, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Frysk    Frysk   

Fries    Fries   

Naam Locatie in Tekst

Jouwer    Jouwer   

Joure    Joure   

Plaats van Handelen

Joure    Joure