Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA004204

Een sage (mondeling), donderdag 12 mei 1966

Hoofdtekst

Op in nacht waerd Bakker wekker. Hy hearde dat der mei in slaei op in peal slein waerd. Hy tocht, se binne by Harmen Kramer, in boer dêrneist, oan it stekjen. Mûlk siet it hynder yn it stikeltried, dat der stekke wurde moast. Miskien kin 'k helpe, sei er by himsels. Hy gie fan 't bêd en foar it finster stean.
Né, der wie neat en it houwen en bûtsen wie ek oer. Bakker tocht, mûlk wie it forbylding of haw ik it dreamd. Hy gie wer op bêd, mar hy lei noch net of dêr wie it wer geande, wer itselde.
Hy der wer ôf en nei bûten, mar wer neat to sjen of to hearren.
In dei of hwat letter rekke it hynder fan Otto Bruinsma yn it stikeltried en der moast stekke wurde. Dat waerd fansels oerdei dien, en it wie itselde lûd, dat Bakker yn 'e nacht heard hie.

Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

's Nachts geluid van hamer die een paal de grond in slaat. Als man gaat kijken is er niets te zien en te horen, maar zodra man weggaat begint het weer. Een paar dagen later hoort hij het geluid weer, dan blijkt er een paard in het prikkeldraad vast zit en wordt bevrijd.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 42, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Bakker    Bakker   

Harmen Kramer    Harmen Kramer   

Otto Bruinsma    Otto Bruinsma   

Plaats van Handelen

Sondel    Sondel