Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA004301

Een sage (mondeling), vrijdag 27 mei 1966

Hoofdtekst

Yn 'e Legegeaën, binammen yn 'e omkriten fan Gau, libbet it âld forhael fan it ûnhillich nachtmiel. Ik mien wol, dat it forhael yn inkele ûnderskate foarmen foarkomt, hwat mûlk syn groun fynt yn it feit dat it fan slachte op slachte oerdroegen waerd. De iene lêzing is sa:
By âlds - it sil sa'n foech oardel hûndert jier lyn wêze - waerd der to Gau noch al hwat drank brûkt. Hjir en dêr wiene fan dy sûphúskes. Under de klokslach fan de Gauster toer wie ek sa'n kroechje, dêr't toalve mannen joun op joun harren kommen hiene. It wiene wolstelde boeren, mar ek wiene der inkele ambachtslju, in pear skippers en guon, dy't neat om hannen hiene, der by. De mannen kamen dêr gear as it al tsjuster wie. Hja kamen de lânwegen del, in forhurde dyk wie der noch net. Der waerd sûpt, flokt en sward, dat it in ôfgriis wie. Op in ûnlijige joun wiene se dêr wer gear en it gie der mâl omwei. Doe't it tsjin hynstemiddei roun, kaem ien fan de mannen op 'e gedachte hja moasten nachtmiel hâlde.
De hospes moast brea bringe. De grize giet him oer de grauwe, mar hy docht it. De man, dy't foar dûmny spilet, brekt it brea. Godslastering klinkt op godslastering, en dronkemanslieten wurde mei psalmfersen formongen. En sa wurdt ûnder de birikke balken it grouwélich stik opfierd.
Bûten is de wyn ta stoarm oanboaze, de wjerljocht ljochtet troch de blinen en swiere tongerslaggen oerstimme út en troch it dronkemanslûd. As de mannen ta it alderhillichst gebet oergeane, jowt de klok oan de muorre in lûde tik en bliuwt dan stean. Tagelyk dindert it âld hûs fan in fûleindige tongerslach. Untnochtere stouwe de mannen alle kanten út en sykje troch ûnwaer en tsjusternis it paed nei hûs.
It forhael komt stadichoan yn it forjithoekje, mar it motyf skynt hingjen bleaun to wêzen.
Van der Heide die my in forhael, dat der oan tinken die.
Goed fyftich jier forlyn moat der sahwat bard wêze yn 'e herberch to Gau. Dat wie doe in herberch mei bakkerij, nou is it allinne bakkerij. Doe wiene it frijfeinten, skippers- en boerefeinten, dy't dêr it nachtmiel hâlden. It gie frijwol gelyk om en ta as hjir boppe, mar it bleau by de fortoaning, der kamen gjin wûnderbaerlike dingen efteroan. Van der Heide hie ien fan de jongfeinten, dy't dat fyt úthelle hiene, wol kennen. Hy hie lang lein oan t.b.c. en wie der ek oan stoarn. Syn âlden - tige leauwege minsken - hiene dat as in straf foar de sûnde hâlden.

Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Twee versies van het naspelen van het heilig avondmaal door mannen in een herberg. In de eerste versie wordt het brood gebroken door iemand die voor dominee speelt, worden psalmen gezongen, staat een klok stil op het moment dat ze gaan bidden, gevolgd door onweer en donderslagen, waarna de mannen vertrekken. In de tweede versie spelen mannen het heilig avondmaal na waarbij geen wonderlijke dingen gebeuren. Als één van de mannen later ziek wordt en sterft menen de ouders dat het een straf is voor zijn deelname.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 43, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Legegeaën    Legegeaën   

Gauster    Gauster   

Van der Heide    Van der Heide   

Naam Locatie in Tekst

Gau    Gau   

Gauw    Gauw   

Plaats van Handelen

Gauw    Gauw