Hoofdtekst
To Dunegea wie alear in húshâlding, dêr 't in stikmannich bern slim siik wiene. Dêr kaem in frou mei negoasje oan 'e doar, en dy joech to rieden om Job Kromhout fan Jobbegea der by to heljen. Dat barde. Ien fan 'e bern stoar, de oaren waerden nei de man syn bihanneling better. Letter kaem de man wer om de tosken fan de bern nei to sjen.
Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Zieke kinderen genezen na behandeling door een genezer.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 46, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Job Kromhout   
Naam Locatie in Tekst
Dunegea   
Doniaga   
Jobbegea   
Jubbega   
Plaats van Handelen
Doniaga