Hoofdtekst
Jelte Kelderhuis hat it ek ris hawn, dat, doe 't er mei in sek ierpels op 'e rêch út de polder kaem, hy hwat oan 'e kant yn it reid hearde. Hy tocht earst dat it in arbeider wie, dy 't him hwat forlette hie. Mar der kaem hwat út 'e wâl en gie foar him út. Hy seach it wol, mar koe net rjocht ûnderskiede hwat it wie. It bleau flak foar him, hy hie it der net op stean en gie in omwei lâns nei hûs om it ding to ûntwiken.
Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Man ziet iets voor hem uit gaan en gaat uit angst met een omweg naar huis.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 51, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Jelte Kelderhuis   
Plaats van Handelen
Echtenerbrug   
Bantega   
