Hoofdtekst
Beppe wie ek ris bitsjoend. It minske wie slim siik. Heit en omke gyngen nei de duvelbanner yn 'e Knipe. Dy kaem mei de fuormanswein, mar stapte to Ychtenbrêge al út en makke in omwei om de tsjoenster en hwat der oars oan kweageasten mei mank wie to forbjusterjen. Hy ûndersocht beppe en sei dat hja in libbene pod yn it liif hie. Under de hikkedaem moasten in stikofhwat spikers út in deakiste bidobbe wurde. Doe 't in pear arbeiders dêr mei to set wiene, kamen der daliks fjouwer greate hounen op tasetten.
De duvelbanner hie ek sein as beppe bitsjoend wie, en dat hie der in soad fan wei, dan soe, as beppe kaem to forstjerren, it lyk slop bliuwe. Koart dêrnei stoar beppe en it lyk bleau slop. Op 'e bigraffenis waerd der oer praten. De katechisearmaster, dy 't de lieding hie, sei: "Né, minsken, der bin gjin tsjoensters. Lang forlyn wol, mar hja binne opromme.
It like Postma, dy 't der ek by wie, nuver ta, dat se der doe wol wiene en nou net mear.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Bij zieke vrouw die betoverd lijkt te zijn wordt duivelbanner gehaald. Hij meent dat er een levende pad in haar lichaam zit, en en zegt dat spijkers uit een doodkist onder de dam moeten worden begraven. Als de vrouw is betoverd zal het lijk slap blijven, en dat blijkt het geval.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 51, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Knipe   
De Knijpe   
Ychtenbrêge   
Echtenerbrug   
Plaats van Handelen
Oosterzee   