Hoofdtekst
As der immen, hwaens neistbisteande hwat omgammelt, frege wurdt nei de sounens fan de pasjint, dan kin it wêze dat er seit: "it giet aerdich foarút, it giet bêst". Mar tagelyk sjit him dan troch de holle: it is hast to moai, hoe gau kin der in tobkset komme. En dan is it him krekt oft troch syn romjen de tastân wer minder wurde sil. Somliken sizze dan, mar even ôfklopje. Dat is dan safolle as it opsprekken to biswarren. It wurdt út gekheit sein, mar der skûlet in groun fan byleauwe yn, en hwa wit hwat de man der by tinkt.
Beschrijving
Verzorger die zegt dat het goed met de zieke gaat, zal dat afkloppen, om verslechtering af te weren.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 56, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)