Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA005701

Een sage (mondeling), maandag 15 augustus 1966

Hoofdtekst

Hy foer ris mei in skip mei dong nei Aldeouwer. Werom gie it oer de Koufurde. Dêr hie men op plakken juffers (lange peallen) útset. Hettinga en syn maten, dy 't by him wiene, wisten dat net en wiene dêr dochs lâns fearn sûnder dat se der hwat fan murken hiene.
It wie al nacht doe 't hja op de Jidskenhúster mar kamen. Dêr seagen se noch ek immen mei in bok oankommen. Ien fan harren sei: "sjoch, it is ien mei in roeiboatsje". Ja, sa wie it, en hja hiene earst alle trije klear sjoen, dat it in bok wie.
Nou, it gefal kaem tichter by en hja seine, wy sille daliks wol sjen hwat it is. Doe 't hja dy kant wer opseagen, wie der net in bok en ek net in roeiboatsje, gjin fartúch, mar hja seagen it stal fan in keardel, dat samar op it wetter stie.
Doe 't hja it biëagen, wie it ynienen fordwoun.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

's Nachts denken mannen op een meer iemand in een roeiboot te zien, maar dichterbij is het een man die op het water staat en opeens verdwijnt.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 57, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Koufurde    Koufurde   

Hettinga    Hettinga   

Jidskenhúster    Jidskenhúster   

Idskenhuister    Idskenhuister   

Koevordermeer    Koevordermeer   

Naam Locatie in Tekst

Aldeouwer    Aldeouwer   

Oldeouwer    Oldeouwer