Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA006001

Een sage (mondeling), dinsdag 23 augustus 1966

Hoofdtekst

Goed 100 jier lyn wenne to Gau sterke Anske. De man wie sa almeugende sterk dêr wie gjin foarbyld fan. Op in kear moast in moleas nei in mole fierd wurde. It wie in lang, swier en ûnhânsum ding, en fjouwer timmerlju koene de as amper interje. Dêrom soe sterke Anske hwat hantlangje. Men hie mei man en macht de as op in pream lein en sa in ein forfierd. Doe moast er op in wein, mar doe 't men sa fier wie, soene hja earst mar kofjedrinke. Doe 't men yn 'e hûs siet oan 'e kofje, moast Anske der even út. Hy kaem ringen wer, en nei in skoftsje sei de timerman: "Nou mannen, nou moat it krewei mar oangean". Anske sei: "It hoecht net mear, ik ha de as al op 'e wein lein". Sa wie it: Anske hie it ding allinne út 'e pream tild en kreas op 'e wein to plak lein.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke man tilt alleen molensteen vanaf schip op wagen.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 60, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Anske    Anske   

Naam Locatie in Tekst

Gau    Gau   

Gauw    Gauw   

Plaats van Handelen

Gauw    Gauw