Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA006002

Een sage (lp), dinsdag 23 augustus 1966

Hoofdtekst

Adam Ruurds de Boer, wie yn de 18 de ieu boer yn 'e Lege Geaën. Hy wie in tige forneamd hurdrider.
To Grins wenne in pottebakkersfeint, dy 't sa hurd ride koe, dat de duvel him net binei komme koe, en dat sei hwat, hwant alles hwat bûtenwenstich wie waerd troch de duvel oertroeve.
Dat kaem to Grins yn 'e herberch ek ris to praet dêr 't Friezen bysieten. Hja seine dat gjinien sa hurdride koe as Adam. Der waerd drok oer praten en it draeide op in weddenskip út.
En sa koe it barre dat Adam Ruurds in deimennich letter nêst de Grinzer pottebakkersfeint op 'e baen stie. Adam hie hwat forsteuring hawn en wie hwat let to plak kommen. Hy woe de jas mar oanhâlde. It like wol dat Adam it net tsjin de pottebakker oprêdde koe, doe joech it in pear kampritten, mar by de fjirde rit lei Adam de hannen op 'e rêch, sette út ein en liet de pottebakker efter him. Doe 't er werom kaem kaem er de oare op 'e helt fan de baen tsjin. Adam hie oardelkear de baen ôflein tsjin de oare de heale baen.

Atze Geerts (earste helt 19 de ieu) koe ek hurdride. Hy koe ek ûnbidige fier springe. De iisklub yn 'e Lege Geaën hjit "Adam en Atze".

Onderwerp

SINSAG 0906 - Teufel als Schlittschuhläufer.    SINSAG 0906 - Teufel als Schlittschuhläufer.   

Beschrijving

Over legendarische schaatsenrijders. Eén gaat weddenschap aan met Groninger hardrijder die sneller is dan de duivel, en wint met overmacht.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 60, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Adam Ruurds de Boer    Adam Ruurds de Boer   

Lege Geaën    Lege Geaën   

Grinzer    Grinzer   

Groninger    Groninger   

Adam    Adam   

Atze Geerts    Atze Geerts   

Adam en Atze    Adam en Atze   

Naam Locatie in Tekst

Gau    Gau   

Gauw    Gauw   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Plaats van Handelen

Gauw    Gauw   

Groningen    Groningen