Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA006005

Een sage (mondeling), dinsdag 23 augustus 1966

Hoofdtekst

Under Gau is ek in pleats sûnder ûlebuorden. Dêr wenne by âlds in boer, dy 't der net sa rom by siet. Hy hie heabergen by hûs en dy wiene net sa botte hecht. Op in kear stie der sa 'n stoarm dat sawn duvels gjin strie hâlde koene. De boer siet tige yn noed oer syn heaberch, en tocht, hie 'k nou mar in skuorre, dan koe it my ûntreine noch ûntwaeije. Wylst er op dy ûnlijige joun it binnenpaed nei hûs ta roun, kaem him samar in m'nhearke op side, dy 't in praetsje mei him makke. De boer wie der eins mar hwat kjel fan wurden, mar de oare sei, dat der nearne oer hoechde yn to sitten. Hy sei: "Ik sil Jo ek wol sizze hwa ’t ik bin. De minsken neame mei de boaze, mar sa boas en kwea bin ik net. Ik wit hwer 't Jo oer ynsitte. Ik wol Jo helpe. Yn dizze selde nacht bou ik in skuorre, hecht en sterk foar Jo, mar dan moat ik Jou siel ha."
De boer woe der earst neat fan witte. De duvel sei: "As ik it net klear krij foar dat moarnier de hoanne kraeit, dan bin Jo frij".
De boer tocht dat rêdt de duvel net yn ien nacht op, in krewei, dêr 't de timmerman wit hoe lang wurk mei hat, en dan noch mei sa 'n stoarm. Hy sei: "It moat mar oangean".
Doe 't de boer in skoftsje letter by syn wiif op bêd lei, hearden hja dat de stoarm noch oanboaze, mar de frou hearde boppe de stoarm út it klopjen en slaen, en ek it skellen en flokken. Se sei: "Hwat is dat foar in heidensk lawaei, it giet der omwei dat it lang net moai mear is".
Doe fortelde de boer syn frou hwat er mei de duvel ôfpraet wie. Hja sei: "Dit komt net goed, jonkje, de duvel is hwat mâns". Yn 'e neinacht gie hja fan 't bêd en sloep nei it hinnehok. Hja kraeide sa lûd as hja koe it hoannelûd. Bôke, de hoanne, tocht, hwat hear ik dêr, ik bin altyd went earst to kraeijen en nou sil in oar my foar wêze. En út alle macht sette er útein mei syn "kukeleku", dat boppe de wyn útklonk. Doe wie it forjown foar de duvel en syn trawanten. De iene stroffele oer de oare, sy wisten net hoe hurd se harren ôfjaen soene. Hja fleagen oer it lân en troch de loft.
Doe 't it ljocht waerd, skôgen de boer en syn wiif in krease nije skuorre. It wie krekt op tiid west, hwant it wie op 'e ûlebuorden nei klear. Dat is de muoite net, tocht de boer. Hy gie nei de timmerman en dy soarge foar de ûlebuorden. Dêr gie even tiid oerhinne, mar it wurk waerd birêdden.
It wie lykwols net fan lange dûr; de oare moarns leine se op it hiem. De timmerman woe it earst net leauwe, mar hy seach it. Hy sette se wer to plak, wer derôf. Trije kear is it bisocht, it joech neat. En noch altyd is it de skuorre sûnder ûlebuorden.

Onderwerp

SINSAG 0853 - Die unvollendete Scheune: Teufel von nachgeahmtem Hahnenschrei überrascht.    SINSAG 0853 - Die unvollendete Scheune: Teufel von nachgeahmtem Hahnenschrei überrascht.   

Beschrijving

Boer stemt in met aanbod van de boze om in één nacht een schuur te bouwen, op voorwaarde dat als de schuur voor het kraaien van de haan klaar is, de ziel van de boer voor de duivel is. Zijn vrouw gaat ’s morgens vroeg naar het kippenhok om als een haan te kraaien. De haan begint ook te kraaien en de duivel en zijn helpers gaan er snel vandoor. Op de uileborden na is de schuur gereed. De uileborden die worden aangebracht vallen er drie maal af, waardoor de schuur nog steeds geen uileborden heeft.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 60, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Bôke    Bôke   

Naam Locatie in Tekst

Gau    Gau   

Gauw    Gauw   

Plaats van Handelen

Gauw    Gauw