Hoofdtekst
Op in winterjoun hie in boerefeint to Gau ôfljochte. Hy seach optlêst noch even troch it bûthúsfinster nêst de doar. Hwat er sjoen hie, dêr bisaude er fan, en sa wyt as in doek kaem er yn 'e hûs. Hja seagen it wol oan him en fregen hwat der oan skeelde. Troch dat finster hied er efter op it hiem in lykstaesje sjoen. De oare wyks kaem der ien to fostjerren.
Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Man ziet lijkstatie, week later overlijdt iemand.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 60, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Gau   
Gauw   
Plaats van Handelen
Gauw   
