Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA006101

Een sage (mondeling), dinsdag 30 augustus 1966

Hoofdtekst

It 63 ste libbensjier hjitte by âlds it moardnersjier. Dat woe sizze, dat it 63 ste libbensjier in faei jier wie, net allinne hwat it libben oangie, mar ek siet men yn noed oer bisit, sounens en lok.
Yn oer-âlde tiden wie Babylon it plak, dêr 't de wittenskip tige bioefene waerd. De preesters pielden dêr mei wiersizzen út de stjerren. Men gie dêrby út fan de getallen 7 en 9. Der wiene sawn planeten, sawn stjerren yn 'e Wein, sawn yn 'e lytse Bear en sawn yn 'e Pleijaden of de Sawnstjer.
Dy âlde stjerrekundigen gyngen út fan de getallen 7 en 9. Dat wiene de trimen fan it minsklik libben. Klimaks bitsjut ljedder en klimaktyres de trimen fan de ljedder. In jier dat sa 'n tiidfek ôfsleat neamde men "annus climactericus".
Somliken tochten dat de jierren, dy 't in rige fan trije kear sawn jier ôfsleaten, it faeiste wiene, lyk as: 21 - 42 en 49. Dat lêste wie 7 yn it kwadraet, en dêr hie men it measte noed mei.
Oaren seinen dat 7 mei it lichem, 9 mei de siel to meitsjen hie. Sa kaem it 63 ste (7 kear 9), dat dus mei lichem en siel beide fan dwaen hie, op in kwea-namme. It wie dan in hiele forromming as men oer de 63 hinne wie.
Yn Fryslân wie 63 ek it moardnersjier. Sa skreau Wigle (Viglius) van Aytta fan Swichem oan syn freon Jochem Hopperus: "De 19 de fan oktobermoanne, dy 't foar my in ein makke oan it klimakteryske jier, ha 'k mei blydskip wolkom hjitten, hoewol ik it jit sa yn 'e fuotten ha, dat ik nou al in dei of hwat der net út koe". (1571).
Foar sa 'n foech tachtich jier wiene der noch guon, dy 't yn noed sieten oer dat 63 ste jier. Hjoed de dei wit men der net mear fan.

Beschrijving

Geloof, gebaseerd op getallensymboliek van zeven en negen, resp. drie maal zeven, dat drieenzestigste jaar en jaren eenentwintig, tweeenveertig en negenenveertig slechte jaren zijn.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 61, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Wein    Wein   

lytse Bear    lytse Bear   

Kleine Beer    Kleine Beer   

Pleijaden    Pleijaden   

Sawnstjer    Sawnstjer   

Zevenster    Zevenster   

Wagen    Wagen   

Wigle van Aytta    Wigle van Aytta   

Viglius van Aytta    Viglius van Aytta   

Jochem Hopperus    Jochem Hopperus   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân

Friesland    Friesland   

Swichem    Swichem   

Swichum    Swichum   

Babylon    Babylon   

Plaats van Handelen