Hoofdtekst
It wie dêr eartiids, doe 't der noch gjin forhurde diken wiene, de weinen djippe spoaren loeken troch de sânwegen en ek de fuotpaden hjerstmis en by 't winter min to bigean wiene, in iensume krite. Op 'e hoeke fan de Skien stiet in pleats, dy ’t ieuwen troch de famylje Holtrop bibuorke is. Dy pleats neamde men foarhinne it "Skienshûs". It wie it iennichste hûs dêr.
It sil sa 'n pear hûndert jier lyn wêze, dat der op in iere moarn in ploechje manlju it fuotpaed delkamen. It wiene in heit en twa soannen en in jonge man. Lêstneamde seach derút as immen, dy 't fan goed komôf wie. Dat koe men destiids noch al gau sjen, en dat wie de trije oaren ek opfallen. Ek hie men sjoen, dat de jongfeint in swier gouden horloazje hie, dat grif gâns weardich wie.
Doe 't hja by de Liemdobben wiene, ûnderhelle de heit de iken kneppel, dy 't er as gongelstôk brûkte, en sloech de jongkeardel op 'e holle, dat dy opslach dea delfoel. It horloazje en hwat er mear fan wearde by him hie waerd him ôfnommen. It lyk waerd ûnder hwat rûchte en strewelleguod bidobbe. Letter waerd it lyk foun, mar hoe 't de pelysje ek sneupte, men koe de dieder net fine.
Folle letter rounen de beide jonges ris troch de Haske. It wie yn maert en in pear katten stjitten rare lûden út. De iene jonge sei: "Hark, dat is krekt sa 'n jammerjend lûd, as dat fan dy jongfeint, doe 't heit him op 'e holle sloech". "Hâld de bek, jonge", sei de oare, "in oar kin it wol hearre
In oar hie it heard, en sa kaem de moard út. De moardner kaem foar it rjocht, en letter waerd er to Ljouwert ophongen.
De moardner waerd yn dizze omkriten Babeloeres neamd, en troch it forhael is hy in legendaryske figuer wurden.
Beschrijving
Bron
Naam Overig in Tekst
Roazebosk   
Rozenbos   
Liemdobben   
Skien   
Holtrop   
Skienshûs   
Scheen   
Babeloeres   
Naam Locatie in Tekst
Jouwer   
Joure   
Skarsterbrêge   
Scharsterbrug   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Plaats van Handelen
Joure   
