Hoofdtekst
Lang forlyn kaem der elk jier in swalker by in boer to ûngetiidzjen. Hy wie der tige thús, en letter, doe ’t er syn thús hie yn in earmhûs, kaem er sa by 't winter noch wol by de boer útfanhûs. It hat ris west, dat er dêr tsjin Sinteklaes ek wer wie. Yn it doarp wie doe lotsjen by kastlein en bakker op sinteklaze spullen, sa ’t destiids de wizânsje wie. De âld ûngetider woe der ek hinne, en hy sei: "ik moat mar in kroade mei ha".
De oaren laken, mar hy stie der op en it gie oan.
De jouns kaem er thús mei in kroade fol guod, hy hie elke kear woun dat er meidie.
De lêste kear dat er by de boer kaem, sei er: dit is nou de lêste kear dat ik hjir kom. Hy wie soun en goed. It oare jier kaem er to forstjerren, en it kaem út sa 't er sein hie, it wie de lêste kear west.

Beschrijving
Voorspellingen komen uit.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 63, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Sinteklaes   
Sinterklaas   