Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA006401

Een personal narrative (mondeling), zaterdag 08 oktober 1966

Hoofdtekst

Geldrop, opsjenner by wettersteat, syn heit wie timmerman op 'e Jouwer, fortelde my oer de maeibeam op in hûs yn oanbou.
As it byntwurk klear is wurdt der noch wol in tûke opsetten en it timmerfolk traktearre, mar foarhinne, wie der folle mear mei anneks. Doe waerd der in tûke fan in beam brûkt, dy 't op it hiem fan de buorman stie, en dy buorman wie dêr tige op steld.
Ien fan it timmerfolk brocht dan in tûkje nei de architect of nei de man, dy 't it hûs of de pleats bouwe liet. Dat wie dan it teken dat der traktearre wurde moast. It wie doe wol folle mei drank ôfmakke en elk eagenblik waerd dêr ta oantrune om drank to jaen. Sa praette men fan balkebier, stiennebier, pannebier, e.s.f.h. Men neamde it bier, mar it wie brandewyn of jenever. Dy bineaming "bier" stamme noch fan earder tiden, doe 't bier de folksdrank wie.

Beschrijving

Gebruik om bij bereiken hoogste punt bij bouw de meiboom te zetten, met tractatie van sterke drank.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 64, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)