Hoofdtekst
Op in ûnlijige nacht bleau in skipper yn de Jeltesleat by Heech lizzen. Mêst, seil en fok leine op it dek mei touwen fêst. Hja soene dêr de snein oerlizzen bliuwe.
Yn 'e nacht hearde de skipper en syn wiif de blokken tsjin de mêst klappen. De skipper nei it dek, en dêr seach er de mêst omheech en seil en fok yn top stean. Hy frege de feint, mar dy wist nearne fan. Togearre hellen se de boel wer del en makken alles wer fêst. In skoftsje letter hearden se de liere wer gean en de blokken klappen.
Gau nei boppen, mar alles lei sa 't hja it lein hiene. Hja wiene amper wer yn de koai of dêr wie it wer to rêdden. As de wearlich wer nei boppen en de mêst stie wer oerein mei seil en fok yn top.
De skipper sei: Lit mar stean.
De oare moarns lei alles op it dek sa 't de skipper en syn feint it lein en boun hiene.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Gestreken en vastbonden mast en zeilen worden 's nachts gehesen. Nadat mast en zeilen gestreken en vastgebonden zijn is er weer lawaai, maar ligt alles op z'n plaats. Terug in bed is er weer lawaai, en zijn mast en zeilen gehesen. Schipper laat alles staan, de volgende ochtend ligt alles op z'n plaats.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 78, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Jeltesleat   
Jeltesloot   
Naam Locatie in Tekst
Heech   
Heeg   
Plaats van Handelen
Heeg