Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA007806

Een sage (mondeling), maandag 30 januari 1967

Hoofdtekst

Van Netten syn omke wie fabryksarbeider to Heech. Hy skearde en hierknipte ek. Op in pleats by Heech, dy 't de Gouden Boaijem hjit wenne in jonge as boerefeint, dy 't wol gauris syn kommen-hie by omke en dêr tige thús wie. Omke Van Netten sei wolris: "Kinst hjir wol bliuwe to brea-iten". Mar dat woed er noait, hy woe foar tsjuster wer op 'e pleats wêze.
Op in kear ûntskeat him de tiid en bleau er to iten. It waerd tsjuster en de feint makke gjin risselwaesje om nei hûs.
Optlêst kaem it hege wurd derút: hy woe de nachts wol by Van Netten bliuwe. Op in fraech fan Van Netten, hwerom er der tjinoanseach om nei hûs, sei er: "Ik sil it Jo wol sizze. As ik by 't tsjuster by in bipaelde hikke lâns kom, krij ik in ûngenedich pak op 'e hûd en wurdt oer de hikke smiten. Ik hear en sjoch neat. Myn bonken dogge my sear, mar der brekt nea hwat. Dan is it wer oer en komt my fierder neat oer. Oerdei is der neat to dwaen, mar jouns let is it der altyd to rêdden. Ik ha der in hekel oan.
Van Netten sei: "Ik gean mei". Doe 't hja oan it plak by dy hikke ta wiene, sei de feint: "Hjir is it, ik fiel it al oankommen". Hy hie it amper sein oft de feint waerd by Van Netten weiskuord. De jonge balte lûd, waerd opnommen en oer de hikke keilt. Doe kaem er wer by omke en sei: "Nou kin Jo wol wer nei hûs gean, hwant nou bart der neat mear. Jo witte nou hwerom ik hjir net graech by tsjuster lâns gean".

Onderwerp

TM 3401 - Het spookhek    TM 3401 - Het spookhek   

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen    SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   

Beschrijving

's Avonds krijgt jongen steeds bij een hek een pak slaag en wordt over het hek gegooid zonder dat er iets te zien en te horen is, en zonder dat hij gewond raakt. Begeleider ziet hoe jongen wordt opgepakt en over het hek wordt gegooid.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 78, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Van Netten    Van Netten   

Gouden Boaijem    Gouden Boaijem   

Naam Locatie in Tekst

Heech    Heech   

Heeg    Heeg   

Plaats van Handelen

Heeg    Heeg