Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING001301 - fremde macht

Een sage (mondeling), donderdag 12 april 1962

Hoofdtekst

Fan J. waerd ek sein, dat hy mear koe as eltsenien. Ik haw it sels meimakke. Ik soe in foer jouwer ophelje. Ik moast it hûs fan J. foarby. Hy kaem by ús - der siet al in lytse jonge by my op 'e wein - op 'e wein sitten. Wy rieden in reed del. Oan 'e kant stiene beammen. Dêr kaem ik mei de wein to ticht by. Dêr troch forskoude it ramt, dat altyd op 'e wein leit, as min hea of jouwer of rogge lade sil. De jonge kaem yn 'e knipe en bigoun to gûlen.
"Stil mar jonge," sei J. tsjin him, "dû krigest aensten in moaije fûgel fan my." De jonge hold him stil en wy rieden fjirder. Doe sprong J. fan de wein en pakte samar in hôfdou fan in tokke en joech dy oan it jonkje, dat der tige bliid mei wier. Dit hie net ien him neidwaen kind.

Onderwerp

SINSAG 0750 - Andere Zauberei.    SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   

Beschrijving

Tovenaar belooft huilend kind een vogel en pakt een houtduif.

Bron

Collectie Keuning, verslag 13, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

J.    J.