Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING001302 - fremde macht

Een sage (mondeling), donderdag 12 april 1962

Hoofdtekst

Ek K. wier sa' n minske. Ik dêrfan kin ik hwat fortelle, dat ik sels meimakke ha. Ien fan ús kei wie krekt ôfkjelle. Mar it lei hwer 't hy lei en it like der in bult op, dat hy dea gean soe. Heit sei dan ek: "Der moat mar gau ien nei de slachter. Dy moat komme om de kou to slachtsjen en dalik, foar 't hy dea giet." Dat bigreatte ús sa, dat wy der op oan stiene, dat wy nei K. ta gean soene, ôf dy der ek noch hwat oan dwaen koe.
Op it lêst sei heit: "Nou, dat kin al, mar ik lit dochs ek de slachter komme."
Wy spanden fluch it hynder foar de ierdkarre en rieden, sa hurd as wy koene nei K. ta en fortelden him hwat er wier.
"Binne syn earen ek kâld?" frege hy. Né, dat koene wy net sizze.
"En de hoarnen?" Né, ek net.
"Nou, dan sil ik jim hwat guod jaen. Dêr moat jim heit him mar hwat fan yn jaen. En kom dan oer in pear dagen mar ris wer."
Sa barde it. De kou bleauw nog yn 't libben. Hy waerd net minder, mar hy kaem net oerein.
In pear dagen letter wierne wy wer by K.
"Nou, hoe is 't? Stiet er al?"
"It wurdt net minder, mar hy komt noch net oerein."
"Ik sil jim noch hwat guod mei jaen, mar as jim thús komme, dan stiet hy al."
Doe 't wy thús kamen, stie de kou oerein en hy is hielendal wer better wurden.

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

SINSAG 0750 - Andere Zauberei.    SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   

Beschrijving

Zieke koe geneest door een middel van een wonderdokter.

Bron

Collectie Keuning, verslag 13, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

K.    K.