Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING001401 - duivelbanners

Een sage (mondeling), dinsdag 17 april 1962

Hoofdtekst

duivelbanners
In bern fan myn sweager wie siik en it woe mar net better wurde. Doe gong hy nei P.P. in bikend duvelbanner. Dêr krige hy medisinen fan mei. Hy wie noch in ein fan hûs en dêr hearde hy in freeslike plof. En doe 't hy thús kaem wierne se allegearre fuort en de medisinen ek.
Doe gyng de frou nei P.P. ta.
Dy sei: "Dû woeste hjir net hinne nou?"
"Né", sei hja.
Hja hie krânsen út it hollekjessen mei naem. Dy sieten sa stiif yn mekoar, dat se hast net útmekoar to lûken wierne. Mar doe 't se op P. syn hân leine foelen se fansels samar útmekoar.
Hja krige wer medisinen mei. P. sei ek noch tsjin har:
"Astou thús komste sil B. - in âld tsjoenster - trije kear hoasfuotling by jimme om it hûs hinne rinne." It wier ek sa. Hja sei tsjin myn skoansuster: "Ha jo myn bern ek sjoèn?"
"Né."
"Hwer binne jo hinne west?"

Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Heks laat eerste medicijnen van duivelbanner verdwijnen, bij de tweede keer, nadat bij heksenkrans uiteen is gevallen, loopt ze drie maal rond het huis waar ziek kind is, en vraagt wie er bezocht is.

Bron

Collectie Keuning, verslag 14, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Noordbergum: tot 1930 was naam Bergumerheide
P.P.: waarschijnlijk Pieter Poes, bijnaam van Pieter de Roos (Weidum 1832-Suameer 1904)

Naam Overig in Tekst

P.P.    P.P.   

B.    B.   

Pieter Poes    Pieter Poes