Hoofdtekst
Ticht by ús wenne A. in tsjoenster nei min sei. Frouljue, dy 't in bern ha moasten foaral kamen net by har hûs lâns. En it âld minske woe sa graech ris yn de bernewein sjen, as hja dy mette, mar as sa 'n bern siik waerd, wier it har skuld.
In dochter fan har troude mei in widner, dy 't neist ús wenne.
Wy dienen wol ris in boadskip foar har. Dan krigen wy in stik brea mei sjerp. Dat wier in feest. Wy hiene in slim earemoedich bistean. Mar de measte minsken kamen net by har op it hiem. Dat bigrutte ús.
Mar ús heit hie it ek net op har stean. As in skiep gallich wier of in baerch net groeie woe, wier it buorfrou har skuld. Ien fan ús, wy wierne mei ús alven fan bern, wie ris siik. Mem makke it kessen iepen en dêr siet in krâns yn. Doe gyng der in boadskip nei in duvelbanner. Dy kaem mei de hounekarre. Doe hy hast by ús wier, bigounen de hounen to gûlen. Dat kaem fansels, omt se bang wierne foar ús buorfrou.
Doe 't de duvelbanner de krâns seach, sei hy, dat dy yn de hurd opbarnd wurde moast. Mar earst moasten de finsters ticht makke wurde, dat der net in strieltsje troch kaem. As dan de krâns forbarnd wier, soe de tsjoenster foroarje yn in kat. En dy soe om it hûs hinne strune. Nou, doe it safier wier, gyng ús heit nei bûten, mar hy seach gjin kat.
"Dat wol ik ek wol leauwe, dat finster is lang net goed ticht. Hja hat alles wol sjoen," sei de duvelbanner.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
SINSAG 0608 - Andere Begegnungen mit Hexentieren.
  
Beschrijving
Schrik voor heks; duivelbanner laat heksenkrans verbranden in kamer met verduisterde ramen, daarmee verandert heks in kat die rond huis loopt.
Bron
Collectie Keuning, verslag 29, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Wat hier volgt is gebeurd of gedacht en geloofd in Broek onder Akkerwoude. Broek is niet een deel van Akkerwoude, maar een gemeenschap op zich zelf, met aparte structuur.
[Broek: vanaf 1964 Broeksterwoude]
[Broek: vanaf 1964 Broeksterwoude]
Naam Overig in Tekst
A.   
Plaats van Handelen
Broeksterwoude   
Broek   