Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING004502 - duvelbanner

Een sage (mondeling), zaterdag 23 juni 1962

Hoofdtekst

In eintsje hjir fandinne wennen minsken, hwaens jonkje siik wie en mar net better wurde woe. Doe gong de heit nei H., in duvelbanner yn Rottefalle. Hjir krige hy in fleske guod. H. sei, dat hy der goed op passe moast en it thús dalik yn de kast sette moast. Hy sei ek noch: "Jo wite wol, dat it fan 'e moarn in raer spul wie. Jo koene hjir hast net komme."
"Ja, dat is ek sa," sei de man.
"Straks komt der ien by jim foar it rút. Pas op, dat dy it fleske net yn de hannen krijt."
En sa wie it ek. It wie in frommis, dat frege: "Hoe giet it mei it jonkje?"
"Dat giet wol," wie it antwurd.
"Mei ik him ris sjen?"
"Né hear."
Efkes letter wie der in dikke swarte kat om 'e doar. De heit fan it bitsjoende jonkje sloech it bist mei in kneppel op 'e kop.
De oare dei roun J. mei de holle yn in doek.
"Nou wyt ik, hwa myn jonkje bitsjoend hat," sei de man.
It jonkje waerd better. Hja wiene krekt op tiid nei de duvelbanner gong, hwant doe hja it kessen fan de jonge syn bêd iepen makken, siet der in krâns yn, dy hast klear wie. As hy hielendal klear west wie, dan wie it bern dea gien.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Duivelbanner geeft drankje voor ziek kind, met waarschuwing goed op te passen. Na weigeren bezoek door vrouw loopt zwarte kat bij huis. Nadat kat op de kop is geslagen blijkt vrouw gewond aan hoofd. In kussen wordt een krans gevonden die bijna af is.

Bron

Collectie Keuning, verslag 45, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

H.    H.   

J.    J.   

Naam Locatie in Tekst

Rottefalle    Rottefalle   

Rottevalle    Rottevalle   

Plaats van Handelen

Houtigehage    Houtigehage