Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING004804 - duvelbanner.

Een sage (mondeling), dinsdag 26 juni 1962

Hoofdtekst

In lyts famke gûlde altyd. Der waerd bisluten, dat de heit d' oare dei 's nei de duvelbanner soe. Jouns lei hy syn horloazje en syn klean klear. Mar de oare moarns stie syn horloazje en syn klean wienen fuort. Hy liende klean fan syn buorman en gong nei de duvelbanner. Bjinse hjitte dy.
"Soa, wiest dêr al? Soe it hast oergean?" Hy wist fansels al, dat hy komme soe. En ek hwat der bard wie.
B. joech de man in fleske mei. Dat moast hy ûnder de klean tsjin syn liif oan hâlde. En hy mocht him net om draeije. En thús it spul dalik yn de kast. Der sil ien by it rút komme om to freegjen, hoe let it is. Dy hat jim bern bitsjoend."
En sa barde it ek. Doe 't it minske by it rút kaem, rôp hy har yn 'e hûs. Hy sei: "Dû hast myn bern bitsjoend en dû silst it ek wer better meitsje. En oars sil ik dy!"
En hja struts it bern oer 'e lea en it wie better.

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Op de ochtend dat een man voor betoverd kind naar een duivelbanner gaat zijn klaargelegde horloge en kleren verdwenen. Duivelbanner waarschuwt het flesje onder de kleren te dragen, zich niet om te draaien, thuis het flesje in een kast te zetten. Degene die komt vragen hoe laat het is, heeft het kind betoverd. Na eis dat ze het kind geneest, strijkt vrouw over het lichaam van het kind dat geneest.

Bron

Collectie Keuning, verslag 48, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Bjinse    Bjinse   

B.    B.