Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING005002 - Sterke Hearke.

Een sage (mondeling), donderdag 26 juli 1962

Hoofdtekst

Der foer doedestiids in fearskip fan De Ham op grins. Op in win-dei laei de feart ticht en doe gong de fearskipper mei in grea- frachtwein mei twa hynders der foar nei stêd. Op de weromreis bruts ien fan de eftertsjellen. It barde krekt by in pleats.
De skipper gong der hinne en frege om help. De boer en de feint gongen mei en namen in stik of trije bynstokken mei, om de wein op te tillen. En hja oan it wrotten. Der kaem sa njonkenlytsen ek al mear folk by. De bynstokken waerden ûnder it efterstel skoud, mar mei in pear man oan eltse peal koene se it spul noch net fan de groun krije.
Doe kaem Hearke der ek by. Dy sei: "Jonges, dat dogge jim net goed. It komt net allinne op krêft oan, it forstân moat der ek by. Helje earst mar ris in oar tsjel op." Doe dat der wie, sei hy: "Nou moatte jim goed oppasse. Ik gean op de knibbels efter ûnder de wein lizzen. Sjoch, nou de rêch der ûnder en dêr giet it." En Hearke tilde allinne de wein sa heech op, dat se it stikkene tsjel der ôf lûke koenen en it nije der yn sette.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Sterke man tilt alleen een beladen wagen op.

Bron

Collectie Keuning, verslag 50, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Naam Locatie in Tekst

De Ham    De Ham   

Drogeham    Drogeham   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen