Hoofdtekst
Op in kear wie Hearke by moai ljochtmoanne waer oan it kuierjen op 'e dyk. Oan beide kanten fan de wei wiene in pear fan dy manshege beamwâllen, sa hje dêr yn dy hoeke noch wol hawwe. Út ien fan dy wâllen sprongen der in pear keardels op 'e wei. Hearke bleauw stean.
"Wyt jo ek hoe let it persies is?" frege ien fan de mannen.
"Sille wy ris sjen?" sei Hearke en hy helle it horloge út de bûse. Dêr wie it de mannen krekt om to dwaen. Ien fan harren grypte nei it horloge. Mar hy wie oan it forkearde kantoar. Hearke stuts fluch it horloge wer yn de bûse en pakte de keardels by it boarst. Hy treau se tsjin de groun, pakte se by in hakke beet en soalde se boppen oer in dykje en de sleat dêrefter hinne.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Mannen die sterke man willen beroven worden door hem opgepakt en weggesmeten.
Bron
Collectie Keuning, verslag 50, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Sterke Hearke   